Skip to content
Artwork for Sportcast

Sportcast

Omrop Fryslân

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.

Play
  • 20 episodes
  • weekly
  • Avg 56 min
  • Dutch
  • Monday · 54 min

    #352: Dé oplossing foar it supportersgeweld, Foppe wol Mbabbe wol traine en Henstra is in groeibriljant

    Der waard snein in skaad lein oer wedstriid tusken SC Cambuur en Feyenoord. Yn de Sportcast tinke we sa as altyd goed mei en presintearje we it 'Plan-Riemer', wat ôfrekkenje moat mei soksoart supportersgeweld. Foppe de Haan is te gast en jout syn miening oer Dylan Vente, Ringo Meerveld en noch folle mear.  En wie de nederlaach fan Hearrenfean no in ynsidint of moat we ús soargen meitsje? Ek is der op 'e nij in primeur oer in nije spiler foar Cambuur!

  • August 17 · 1 hr

    #351: Robin Veldman draait der net omhinne, oanknopingspunten foar Cambuur en faktor 50 foar de mystery guest

    Trainer Robin Veldman fan Sportklup Hearrenfean is ambysjeus; Europeesk fuotbal helje is dit jier de doelstelling. Dat fertelt er yn de Sportcast. SC Cambuur ferlear ek de twadde earedivyzjewedstriid fan it nije seizoen, mar yn tsjinstelling ta foarige wike wiene der ditkear wól oanknopingspunten. En der is in primeur, want de Ljouwerters ha in nije spiler binnen. Fierder is it de fraach oft Marcus Linday noch fuort giet by Hearrenfean. En wat kloppet der fan de ynteresse fan Bernt Kla

  • August 10 · 54 min

    #350: Johan Plat bliuwt rêstich nei falske seizoensstart Cambuur, Marcus Linday wol net prate en it jubileumkonsert fan Jan Smit

    It wie in flinke tebeksetter: Cambuur dat de earste earedivyzjewedstriid fan it nije seizoen mei 4-0 ferlear fan Excelsior. Trije dagen letter seit trainer Johan Plat de soargen te begripen dy't libje ûnder de supporters, mar hy seit dat der beslist noch gjin man oerboard is. By Sportklup Hearrenfean sit de fleur der mear yn nei de winst op FC Twente (1-0). Mar wêrom woe Marcus Linday Omrop Fryslân net te wurd stean? En driget Bernt Klaverboer fuort te gean?

  • August 3 · 57 min

    #349: Proper vs. Van Overeem, je hert fêsthâlde foar Cambuur en wêr einigje de twa Fryske klups?

    Nei in (fiersten te) lange simmerstop is de Sportcast werom. En der falt genôch te bepraten. Is Sportklup Hearrenfean sterker wurden yn fergeliking mei foarich seizoen? En SC Cambuur begjint mei in wol hiel jonge seleksje oan it earedivyzje-aventoer. Komt it wol goed yn Ljouwert? We litte ús byprate oer de nije spulrigels troch in saakkundige én dogge foarsizzings yn de Nostradamus Cup!

  • June 1 · 57 min

    #348: De pearels fan masterscouts Anker en Anker, Cambuur sit op it 'vinkentouw' en Arne Slot assistint-trainer by Hearrenfean?

    De lêste ôflevering fan de Sportcast foar de simmerstop stiet yn it ramt fan fleurich de simmer yngean. En dus skoot tradysjoneel it yllustere advokateduo Wim en Hans Anker oan. Neist seizoenkaarthâlder by Sportklup Hearrenfean binne se ek grut leafhawwer fan de earste divyzje. Dêr rinne pearels rûn, dy't beide bruorren mar al te graach ûnder de oandacht bringe wolle fan technysk manager Johan Hansma. De Sportcast is werom op moandei 3 augustus, krekt foar it earedivyzjeseizoen úteinset. Oant da

  • May 26 · 58 min

    #347: De Grutte Namedropping Show mei Johan Hansma

    It seizoen sit der no ek op foar Sportklup Hearrenfean. De klup dy't harren útskeakele, FC Utrecht, wol de bêste spiler fan de Feansters keapje. Technysk manager Johan Hansma fan Hearrenfean fertelt yn de Sportcast dat de oanbieding fanút de Domstêd ôfwimpele is. It koe wolris in drokke simmer wurde foar Hansma, om't der in soad spilers fan Hearrenfean fuort gean kinne. En dus moatte der dan ek ferfangers helle wurde. De iene nei de oare namme fan in potinsjele nije spilers passearret

  • May 18 · 59 min

    #346: Moat Hearrenfean de finale fan de play-offs boykotsje? Fyftjin nije spilers foar Cambuur en fan gersmaster nei badmaster

    As Sportklup Hearrenfean de finale fan de play-offs om Europeesk fuotbal hellet en it dêryn tsjin Ajax spilet, meie der gjin Fryske supporters mei. Moatte de Feansters dy wedstriid boykotsje? Ald-fuotballer Geert Jelle de Vries hat der wol in oplossing foar. De Vries foarsjocht fierder in drokke simmer foar Lars Lambooij, de technysk manager fan SC Cambuur. Der moatte fyftjin nije spilers helle wurde, is de fisy yn de Sportcast. Fierder giet it oer de posysje fan Henk de Jong, it wetterballet by

  • May 11 · 59 min

    #345: Wa is Johan Plat?, The American Dream en in 'lachwekkende' oanbieding foar Mark Diemers

    Luuk Brouwers is oanfierder fan Sportklup Hearrenfean, Jort van der Sande spits by SC Cambuur. De Noard-Brabanners binne al mear as tsien jier goed befreone en skowe beiden oan yn de Sportcast. Mei 'Luuk Levert' en 'Radio Van der Sanden' giet in oere samar foarby. Se ha in miening. Oft it no giet oer de fakkels by NAC Breda-Hearrenfean ("Schandalig"), oer de oanbieding dy't Mark Diemers krige ("Lachwekkend") of de status fan Btrouwers as reservespiler ("Een vervelend seizoen").

  • May 4 · 57 min

    #344: In primeur fan Kian Visser, ekstra wurdearring foar Hearrenfean en hie Buma wol of net speeche moatten by de huldiging?

    Kian Visser wie de gangmakker by de grutte huldiging fan SC Cambuur yn Ljouwert. Mei it oanskowen yn de Sportcast komt foar him nóch in dream út. Hy hat nijs oer syn takomst, want syn profkarriêre krijt mooglik in ferfolch by in oare klup.  Fierder giet it oer Sportklup Hearrenfean, dat twa wedstriden foar de ein al wis is fan dielname oan de play-offs. En dêr mei bêst wat ekstra wurdearring tsjinoer stean. En hie boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert, dy't net al te populêr is by in diel

  • April 27 · 59 min

    #343: Linday rekkenet ôf mei it narjen fan Veldman, de syktocht nei in nije haadsponsor en moat it útfak fan Cambuur op 'e skeppe?

    Marcus Linday heart al wiken by de útblinkers fan Sportklup Hearrenfean. Ofrûne sneon bekroane er de goeie perioade mei de winnende goal tsjin Fortuna Sittard. Ta bliidskip fan mei-haadsponsor Sytse Brouwer, dy't te gast is yn de Sportcast en sjocht dat syn klup tagroeit nei de play-off-foarm. Ek giet it oer de syktocht nei in nije haadsponsor, want Bouwer en syn kompanen fan 'Wolkom' hâlde der nei dit seizoen mei op. Troch de misdragings fan de fans lei der freed in skaad oer it ôfski

  • April 20 · 59 min

    #342: Kees van Wonderen oer syn ferline by Hearrenfean en syn takomst by Feyenoord, belje mei Milan van Ewijk en de huldiging fan Cambuur

    Kees van Wonderen is te gast. De âld-trainer fan SC Hearrenfean praat iepen oer syn tiid yn Fryslân. En hy ferstiet noch Frysk. We bellen ek mei Milan van Ewijk, dy't ferline wike promovearre mei Coventry City nei de Premier League. En Van Wonderen fertelt oer syn petear mei Robin van Persie en Feyenoord. En we fertelle wat der allegearre te dwaan is by de huldiging fan Cambuur.

  • April 13 · 58 min

    #341: Exit Diemers? AZ wie hiel goed, Hearrenfean hiel swak

    Cambuur-spiler Mark Diemers is te gast. De oanfierder liet koartlyn in bom falle. Hy hat in kontrakt-oanbieding krigen, mar dat is minder as wat er no fertsjinnet, wylst Cmbuur promovearret. En dêr is er sacht sein net bliid mei.

  • March 30 · 57 min

    #339: Foppe de Haan giet wer mei wille nei Hearrenfean, in tip foar Henk de Jong en ordinêre 'namedropping'

    It fuotbal fan Sportklup Hearrenfean hat de ôfrûne jierren net sa goed west as no. En dus giet klupikoan Foppe de Haan wer mei wille nei it Abe Lenstra Stadion. Mar dat is net de iennige reden. De âld-trainer fan de Feansters is te gast en hy hat ek wol in tip foar Cambuurtrainer Henk de Jong, dy't nei dit seizoen fierder giet as assistint-trainer. En hoe sit it mei dat ferhaal dat De Haan ris meimakke, dat in besprekking mei spilers útsteld waard fanwege 'Goede Tijden Slechte Tijden'?

  • March 16 · 44 min

    #336: Fertsjinnet Van Overeem in oprop foar Oranje? Bearenburch kola yn it Kooi Stadion en Rivera is in Chill Guy

    Sportklup Hearrenfean is yn bloedfoarm, mei fiif oerwinnings út de lêste seis wedstriden. In haadrol is dêrby weilein foar Joris van Overeem. Moat bûnscoach Ronald Koeman him selektearje foar it Nederlânsk alvetal? Fierder reint it primeurs yn dizze ôflevering, ûnder oare oer Oscar Sjöstrand en Maxence Rivera. En âld-Cambuurspiler Michael Breij wie freed as spiler fan Roda JC foar it earst yn it Kooi Stadion. Wat fûn hy fan de weromkear by syn âlde klup?

  • March 9 · 54 min

    #335: In update oer de dossiers fan Ferry de Haan, de mem fan Lurling en de huldiging fan Cambuur

    Algemien direkteur Ferry de Haan fan Sportklup Hearrenfean hoecht him noch altyd net te ferfelen. Der moat in nije haadsponsor komme, in nij trainingskompleks en de hier fan it Abe Lenstra Stadion moat omleech brocht wurde.  Hy jout in update oer de stân fan saken. Mar it giet ek oer in swimbroek op Malta, de mem fan Anthony Lurling en in huldiging fan Cambuur by de Aldehou. Want sportferslachjouwer Geert van Tuinen ferklapt wannear't dy wêze sil.

  • February 23 · 59 min

    #333: In histoaryske útstjoering mei in (Sherida) spitsediskusje, in rein oan priisfragen en it djippe dal fan in rekôrynternasjonal

    It is in histoaryske ôflevering fan de Sportcast. Want foar it earst yn 333 ôfleverings sit der in frou oan tafel! En it is net samar in frou, nee, it is rekôrynternasjonal Sherida Spitse! De Snitser gie de ôfrûne jierren troch in djip dal. Dêroer fertelt se wiidweidich. Krekt as oer har ambysjes. Want wurdt se no trainer of technysk direkteur? En we ha in echte spitsediskusje, mar dan by Sportklup Hearrenfean en by SC Cambuur.

Showing 1–20 of 20 episodes